Kuierders
Rom 10.500 kuierders dogge op 15 juny 2024 mei oan de 6e edysje fan de Slachtemarathon. De ynskriuwing is yntusken sletten. Bisto der by? Op dizze side jouwe we in oersjoch fan watst ferwachtsje kinst as dielnimmer. Yn wike 21 krijst in persoanlike mail, mei dêryn dyn startnûmer, startbewiis en startynformaasje. Hald dyn mailbox dus yn de gaten! De stimpelkaart krijst by de start.
Hâld de Slachtemarathon ek néi 2024 yn beweging. Wurd freon!
Folgje de Slachtemarathon op sosjale media. Fynst ús op Instagram en Facebook. Diel dyn tariedings en ûnderfining by de Slachtemarathon en tag @slachtemarathon yn dyn berjocht en brûk #Slachte24. De Slachte rinst mei elkoar! By de Slachtemarathon sil Omrop Fryslân fia radio, televyzje en ynternet live ferslach dwaan. Thúsbliuwers kinne it folsleine evenement dus út de luie stoel wei folgje.
Rûte
De Slachtemarathon is – njonken de Alvestêdetocht – in ikoan yn Fryslân. Rinst oer de iuwenâlde Slachtedyk. De folsleine maraton giet oer in moai en ôfwikseljend parkoers fan rom 42 km troch it Fryske terpelânskip. De start is yn Easterbierrum. De finish yn Raerd. Der binne twa stikken yn it parkoers dy’t besteane út gêrsdyk of sêfte ûndergrûn. Dat is by Frjentsjer en Achlum. It giet om likernôch 4 km ûnferhurde terrein. It parkoers is folslein ferkearsfrij. By net-ferkearsfrije oerstekpunten wurdst begelaat troch ferkearsregelers. Wolst de rûte graach útprinte? Klik dan hjir.
Start
Alle startbewizen dy’t ôfjûn wurde, binne keppele oan in spesike namme en byhearrende kontaktgegevens. It is net mear mooglik om dyn startbewiis op in oare namme sette te litten. Ek kinst startbewizen net trochstjoere. Krijst dyn unike startbewiis mei starttiid, opstapplak en ôfreistiid foar de bus yn wike 21 op it mailadres datst trochjûn hast. Nim dy útprinte of as screenshot op dyn telefoan mei nei de start! Dyn startbewiis wurdt twa kear kontrolearre. Ien kear oftst op de goede bus stapst en in kear by de start. De earste dielnimmers sette om 07.00 oere útein. Hast oant uterlijk 22.30 oere de tiid om te finishen. Foar alle kuierders is der dêrmei genôch tiid om ek ûnderweis te genietsjen fan it programma en ta rêst te komen yn ien fan de trije oases ûnderweis.
Ferfier
Mei spesjale Slachtebussen wurdst nei de start yn Easterbierrum brocht. De startlokaasje kinst net mei eigen ferfier berikke. Yn de dielnimmersynformaasje stiet presys hoe let en wêr dyn bus ôfset. It is net mooglik om op in oare lokaasje of op in oar tydstip op de bus te stappen. Ek is it net mooglik earder of letter te starten as de starttiid dy’t op dyn kaart oanjûn stiet. De finish is yn Raerd. Fan dat plak ôf kinst mei in bus werom ride nei dyn startlokaasje of litst dy oppikke by de finish. Hald der rekken mei dat it yn Raerd tige drok wêze kin. Mear ynformaasje fynst op de side ferfier.
Programma
Under it kuierjen fan de Slachtemarathon is der fan alles te belibjen. Fyftich orkesten en koaren spylje en sjonge lâns de rûte en foarmje sa in unike muzikale reade tried by de tocht. Lês hjir mear oer de muzyk ûnderweis. De Slachtemarathon is opdield yn 22 dykfakken. Elk dykfak biedt in folslein eigen kultureel programma, oanbean troch de doarpen dy’t oan de Slachtedyk lizze. In foarpriuwke fan it kulturele programma fynst hjir. Fansels is der e kromte en rêst om te genietsjen fan it prachtige lânskip.
Oantinken
Nei ôfrin fan de tocht krijst in unyk oantinken oan dyn dielname oan de Slachtemarathon 2024. Lit dêrfoar dyn folle stimpelkaart sjen dy’tst by de start fan de Slachtemarathon krigen hast. De Slachtemarathon hat ek in Slachtewebshop, fol mei unike Slachteprodukten, lykas in shirt, cap, singlet en noch folle mear. Wolst hielendal yn Slachtestyl meidwaan oan de maraton en in draachber oantinken oan de maraton hawwe? Gean dan gau nei de webshop.
Besikersynformaasje
Wurdst brocht of helle, of hast belangstellenden dy’t dy oanmoedigje wolle ûnderweis? Klik dan hjir foar mear besikersynformaasje.
Oernachtsje
Friesland.nl hat in oersjoch mei allerhande oernachtingsmooglikheden tichtby de Slachtedyk. Besjoch se hjir.
Meast stelde fragen
Miskien hast nei it lêzen fan de ynformaasje hjir boppe noch fragen oer it kuierjen fan de Slachtemarathon. Gean nei de meast stelde fragen. Stiet dyn fraach der net tusken? Stjoer ús in e-mail. We stribje der nei om alle fragen binnen 1 wike te beantwurdzjen en sille regelmjittich de meast stelde fragen oanfolje.
Foar it meidwaan oan de Slachtemarathon binne de algemiene betingsten fan tapassing. Foar dyn ynskriuwing hast akkoart jûn op dy betingsten. Hjir kinst se neilêze.